Nieuwsbank

Schrijft, screent en verspreidt persberichten voor journalistiek, search en social media. Hét startpunt om uw nieuws wereldkundig te maken. Ook voor follow-ups, pitches en korte videoproducties.

Nieuwjaarstoespraak burgemeester Dijkstra Boarnsterhim

Datum nieuwsfeit: 03-01-2002
Vindplaats van dit bericht
Bron: Gemeente Boarnsterhim
Zoek soortgelijke berichten
Gemeente Boarnsterhim


Oandachtspunten nijjierstaspraak boargemaster Y. Dijkstra op tongersdei 3 jannewaris 2002 yn it Riedhûs te Grou


1. Moai dat jo kommen binne!

- wolkom yn it riedhûs fan Boarnsterhim op dizze moaie "winterjûn"
- der is gesellige muzyk (Bert Louissen)
- lit jo troch ús fluchtekener (Auke Jager) portrettearje.

2. Lokkich Nijjier!

- lok en sûnens tawinske!

- winsk jildt foar josels, jo neisten, bedriuw, feriening, ynstelling of doarp


3. Oandachtspunten

- ik sjoch hiel koart mei jo werom

- mei in knypeach nei it ôfrûne jier besykje ik de eagen oer 'e takomst gean te litten

- ik neam jo net mear it tal ynwenners ensafuorthinne; as jo dat wite wolle: alle gegevens steane op in briefke dat aansens foar jo klear leit


4. Fryske taal

- it seit himsels dat ik dizze taspraak yn 'e Fryske taal hâldt; de tekst is aansens sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk te krijen


5. Weromsjen
Ik neam jo trije troch mysels keazen maatskiplike aktiviteiten.
- Op 11 febrewaris 2001 wie de "Geweldig Express" yn ús gemeente. In ridende útstalling oer sinleas geweld, spul, foaroardielen, sûndebok en de grutste skat fan 'e wrâld. Dit prachtige projekt fan it Mei-inoar op Wei-jongereinwurk, de stifting Fredesedukaasje, stifting Partour en Plysje Fryslân liet oan hûnderten jonge minsken yn ús gemeente sjen dat mei-inoar libje in hiele keunst is. In hiel moai projekt!

- Op 6 april lêstlyn waard betocht dat Coopersburg in ieu lyn har doarren iepene! It earste eksimplaar fan in spesjaal foar de gelegenheid skreaun boek (!) waard de ambassadeur fan de Feriene Steaten yn ús lân frou C.P. Schneider (sy wie tige belutsen) oanbean. In prachtich momint dêr't âldereinwenjen (hoe aktueel); de relaasje met de F.S. fan Amearika (noch aktueler) én de beskerming fan ús histoarysk erfguod yn ien kear op weardige wize foar it fuotljocht helle waarden!

- Op 19 septimber lêstlyn wie der wer sa'n moai momint! Sân saneamde nijkommers krigen doe hun sertifikaat fan ynboargering. Nederlânske taal, ús seden en gewoanten en hoe oft it der hjir om en ta giet stie yn de dêroan foarôfgeande kursus sintraal. Dy nije meiwenners ôfkomstich fan Thailân, Nij Seelân, Brasilië, Mongoolje en Afganistan fine hjir, troch hun eigen ynset én dy fan tsientallen frijwilligers (!) in moai plakje yn ús mienskip.


6. De takomst
Noch nea nei de twadde wrâldoarloch hat de takomst sa bot yn in teken fan it ferliene stien.

- It meast dúdlik wurdt dat as wy de bylden fan 'e grutste koördinearre terroristyske aksje út de skiednis op ús netflues weromhelje. De wrâld reagearet fol ôfgriis. Regearings, feilichheidstsjinsten, gewoane minsken yn alle lannen freegje harren fertwivele ôf hoe't wy reagearje moatte. Wat stiet ús te dwaan? Ik kom aansens op dit sawat allesomfetsjende tema werom.
- Ek grutte bedriuwen, foaral ek eardere steatsbedriuwen lykas NS en KPN sille har by it fêststellen fan takomstsenario's liede litte troch de ûnderfinings dy't it ôfrûne jier opdien binne. De oerheid sil him dêrnjonken ôffreegje oft de ekonomyske opbringst fan privatisearring en de ûnderfinings fan 'e maatskippij (op dit stuit kliïnten) wol tsjin inoar opwege.

- Tichterby hûs steane wy foar de fraach oft de brûkte beliedsline fan 'e letste sân jier oer it gemeentlik belestingnivo sûnder wizigings trochsetten wurde kin. De gemeenteried wurke mei fertuten Boarnsterhim fan 'e op ien nei hichtste treed fan 'e ledder nei de ûnderste regionen (ik ferwiis nei de publikaasje yn 'e L.K.). Om't it bytsje "fet" op 'e bonken fan 'e bedriuwsfiering fuortwurke is en lúkse en oerstallichheden net mear foarkomme sil dy brûkte beliedsline opnij oerwage wurde moatte (de needsaak dêrta knypt nammerstemear nei't it winskenpakket, dy't gemeentlike finansiering freegje, tanimt).

- De soarchsektor leart ús dat it oars moat en oars kin. Wachtlisten! Yn it lân dêr't de measte minsken yn wielde libje is in wachttiid fan 1 à 2 jier foar needsaaklike soarch fansels net akseptabel! It leart ús ek hoe dreech it is op tiid te skeakeljen!
- It ôfrûne jier is foar de greidbuorkerij tige bedriigjend west. De ûnderfinings met de tongblierkrisis sille foar in grut part bepale op hokker wize yn 'e takomst mei de bisten omgean wurde moat. It fraachstik fan it intsjen, de ynfloed fan Europa foar dy fan Den Haach oer. Sil it ministearje fan lânbou bliuwe of hjit it nei maaie 2002 ministearje fan itensfeiligens? Ik bin yn elts gefal bliid dat yn it jier dêr't de wurden "maatskiplik ûndernimme" noch by 't soad bediskussearre waarden, de agraryske bedriuwstûke dat al by 't soad yn praktyk brocht!
- It ûnderwerp gemeentlike weryndieling mei wat my oanbelanget ek yn dit rychje setten wurde. Wól in tal kanttekenings. Ik bin net ien fan dejinge dy't roppe dat weryndieling (meastentiids bedoele boargemasters dan har eigen gemeente) needsaaklik is. Fierders soe ik gemeentlike weryndieling net altyd útslute wolle. Yn Noard-Hollân mocht ik lieding jaan oan de útfiering fan it beslút fan 'e gemeenterieden ta frijwillige weryndieling. Weryndieling moat wol earne ta dwaan! as de relaasje met it publyk de maat fan 'e dingen is dan hoege wy hjir gjin weryndieling, wylst wy allegearre grutte stêden yn ús lân kenne, dêr't dat op syn minst wól de baas soe wêze. Fansels; der kinne op 'e Fryske skaal grûnen wêze, der kinne ek politike motiven wêze. De learing fan 'e ôfrûne tiid soe wat my oanbelanget wêze kinne: it hoecht net perfoarst; mar in petear deroer gean wy fansels net út de wei! As it mar earne oer giet!

- De ûnderfinings yn Enschede en Volendam drukke ús mei de noas op 'e feiligensfeiten. Net élk feiligensrisiko kin útbant wurde. wêr't mooglik is sille boargers én oerheid risiko's werombringe moatte. En boppedat sille feiligensfraachstikken foar ynwenners ynsichtlik wêze moatte lykas no yn alle Fryske gemeenten met de saneamde feiligenskaart bard is.

- De takomst is oan 'e Euro ..... de gûne is ferliene tiid!
- Wy hawwe in gemeenteried; wy kieze aansens wer in nije Ried! ik behein my hjir ta in oprop, ék oan 'e jonge kiezers, op 6 maart én yn maaie (foar de Twadde Keamer) stimmen te gean.


7. Slot

Wy sjogge, dames en hearen, dat ús ûnderfing, it ferliene, einliks altyd bepalend is foar de takomst. De wrâld feroaret dêrtroch hieltyd. Foaral mei dy oerweldigjende ûnderfining fan 11 septimber.

De wissichheid fan frijheid en frede (as wie it in sabeare wissichheid) makke plak foar de trochgeande oandacht, somtiden striid foar frijheid, respekt en meiminsklikheid. Hiele generaasjes koenen opgroeie sûnder eangst; opgroeie yn frijheid! In frijheid dy't min meastentiids net iens gewaar wie. Dát sil feroarje! dat sil feroarje moatte!

Nederlân en de wrâld binne nei 11 septimber of Enschede of Volendam op himsels net kwetsberder wurden. Wy binne ús derfan bewúst wurden dat de wrâld en Nederlân kwetsber binne en sûnder mis ek bliuwe sille.

Mear dan oant no ta sille wy hoeder wêze moatte fan in feilige, respektfolle en demokratyske maatskippij. Krekt dêr wêr't it hert fan 'e maatskippij kloppet; yn ús doarpen, sille wy dat gefoel (fierder) stâl jaan moatte. Ik bin der fan oertsjûge dat allinne op it nivo fan 'e gemeente, minsken, âld en jong (foar wat feiligens en sosjaal oanbelanget) striidber makke wurde kinne. Hjir, yn ús doarpen, binne wy noch by steat en sprek inoar oan op elkoars gedrach en ferantwurdlikens.
Eltsenien begrypt dat kriminaliteit, ék de lytse doarpske kriminaliteit, en diskriminaasje, ék de lytse earst as grap bedoelde diskriminaasje nei bygelyks âlderein of bûtenlanners, yn ús doarpen net winske is!!

Sûnder sedemaster wêze te wollen, wol ik stelle dat noarmen en wearden yn ús maatskippij de kommende tiid in wichtigere rol heare te spyljen. Uhro Kekkonen sei al in kear dat jo feiligens net kreëarje troch muorren te bouwen, mar troch doarren te iepenjen. Litte wy ôfprate yn it nije jier de doarren te iepenjen, elkoar it yn it sin te bringen as wy driigje yn 'e fout te gean. It neilitten dêrfan liedt ta ûnferskilligens; en dat is it begjin fan 'e wei dy't by ûnfrede eindicht.
Sa'n ôfspraak soe, nim ik oan in betsjuttingsfolle stipe wêze kinne op wei nei mear lok foar alle minsken yn Boarnsterhim!

Ik winske jo in goed en sûn jier ta!

Ype Dijkstra Grou, 3 jannewaris 2002

4

Aandachtspunten nieuwjaarstoespraak burgemeester Y. Dijkstra op donderdag 3 januari 2002 in het Raadhuis te Grou (± 20.30 uur)


1. Fijn dat u gekomen bent!

- welkom in het raadhuis van de gemeente Boarnsterhim op deze mooie "winteravond"

- er is gezellige muziek (Bert Louissen)

- laat u door onze sneltekenaar (Auke Jager) portretteren.

2. Gelukkig Nieuwjaar!

- geluk en gezondheid toegewenst!

- wens geldt voor uzelf, uw dierbaren, bedrijf, vereniging, instelling of dorp


3. Aandachtspunten

- ik kijk heel kort even met u terug

- met een knipoog naar het afgelopen jaar probeer ik een blik op de toekomst te werpen

- ik noem u niet meer het aantal inwoners etc.; als u dat wilt weten: alle gegevens staan op een briefje dat straks voor u gereed ligt


4. Friese taal

- het spreekt vanzelf dat ik mijn toespraak in de Friese taal houd; de tekst is straks zowel in het Fries als het Nederlands beschikbaar


5. Terugblik

Ik noem u drie door mijzelf gekozen maatschappelijke activiteiten.


- Op 11 februari 2001 was de "Geweldig Express" in onze gemeente. Een rijdende tentoonstelling over zinloos geweld, ruzie, vooroordelen, zondebokken en de grootste schat van de wereld. Dit prachtige project van het Samen op weg jeugdwerk, de stichting Vredeseducatie, stichting Partour en Politie Fryslân liet aan honderden jonge mensen in onze gemeente zien dat samen leven een hele kunst is. Een heel mooi project!

- Op 6 april jl. werd herdacht dat Coopersburg een eeuw geleden haar deuren opende! Het eerste exemplaar van een speciaal voor de gelegenheid geschreven boek (!) werd de ambassadeur van de Verenigde Staten in ons land Mrs. C.P. Schneider (zij was zéér betrokken!) aangeboden. Een prachtig moment waar ouderen huisvesting (hoe actueel); de relatie met de V.S. van Amerika (nog actueler!) én de bescherming van ons historische erfgoed in één keer op waardige wijze in de schijnwerpers werden gezet!

- Op 19 september jl. was er weer zo'n mooi moment! Zeven zg. nieuwkomers ontvangen dan hun certificaat van inburgering. Nederlandse taal, onze zeden en gewoonten en hoe het hier allemaal gaat in Nederland stonden in de daaraan voorafgaande cursus centraal. Deze nieuwe medelanders afkomstig uit Thailand, New Zeeland, Brazilië, Mongolië en Afghanistan vinden dankzij hun eigen inzet én die van tientallen vrijwilligers (!) een mooi plekje in onze gemeenschap.


6. De toekomst

Nog nooit na de Tweede Wereldoorlog heeft de toekomst zo sterk in het teken van het verleden gestaan.


- Het meest duidelijk wordt dat wanneer wij de beelden van de grootste gecoördineerde terroristische aanval uit de geschiedenis op ons netvlies terughalen. De wereld reageert vol afschuw. Regeringen, veiligheidsdiensten, gewone mensen in alle landen vragen zich vertwijfeld af hoe wij moeten reageren. Wat staat ons te doen? Ik kom dadelijk op dit bijna allesomvattende thema terug.
- Ook grote bedrijven, zeker ook voormalige staatsbedrijven zoals de NS en KPN, zullen zich bij het bepalen van toekomstscenario's laten leiden door de ervaringen die het afgelopen jaar zijn opgedaan. De overheid zal zich daarnaast afvragen of de economische opbrengst van privatisering en de ervaringen van de samenleving (thans cliënten) wel tegen elkaar opwegen.

- Dichterbij huis staan wij voor de vraag of de gehanteerde beleidslijn van de laatste zeven jaren m.b.t. het gemeentelijk belastingniveau ongewijzigd kan worden voortgezet. De gemeenteraad werkte met succes Boarnsterhim van de op één na hoogste sport van de ladder naar de onderste regionen (ik verwijs naar de publicatie in de L.C.). Omdat het beetje "vet" op de "bonken" van de bedrijfsvoering is weggewerkt en luxe en overbodigheden niet meer voorkomen zal die gehanteerde beleidslijn opnieuw overwogen moeten worden (de noodzaak hiertoe klemt te meer naarmate het wensenpakket, die gemeentelijke financiering vragen, toeneemt).

- De zorgsector leert ons dat het anders moet en anders kan. Wachtlijsten! In het land waar de meeste mensen in weelde leven is een wachttijd van 1 à 2 jaar voor noodzakelijke zorg vanzelf niet acceptabel! Het leert ons ook hoe moeilijk het is tijdig te schakelen!
- Het afgelopen jaar is voor de veehouderij zeer bedreigend geweest. De ervaringen met de mond- en klauwzeercrisis zullen in belangrijke mate bepalen op welke wijze in de toekomst met het vee moet worden omgegaan. Het vraagstuk van het enten, de invloed van Europa versus die van Den Haag. Zal het ministerie van Landbouw blijven of heet het na mei 2002 ministerie van voedselveiligheid? Ik ben in ieder geval blij dat in het jaar waar de woorden "maatschappelijk ondernemen" nog volop bediscussieerd werden, de agrarische bedrijfstak ze al volop in de praktijk bracht!

- Het onderwerp gemeentelijke indeling mag wat mij betreft ook in dit rijtje worden geplaatst. Wél een aantal kanttekeningen. Ik behoor niet tot diegenen die roepen dat herindeling (meestal bedoelen burgemeesters dan hun eigen gemeente) noodzakelijk is. Overigens zou ik gemeentelijke herindeling niet altijd willen uitsluiten. In Noord-Holland mocht ik leiding geven aan de uitvoering van het besluit van de gemeenteraden tot vrijwillige herindeling. Herindeling moet wel ergens toe doen! Als de relatie met het publiek de maat der dingen is dan behoeven wij hier geen herindeling, terwijl wij allen grote steden in ons land kennen waar dat op z'n minst wél verstandig zou zijn. Natuurlijk; er kunnen op de Friese schaal overwegingen zijn; er kunnen ook politieke motieven zijn. De lering van de voorbije periode zou m.i. kunnen zijn: het hoeft niet zonodig; maar een gesprek erover gaan wij natuurlijk niet uit de weg! Als 't maar ergens over gaat!
- De ervaringen in Enschede en Volendam drukken ons met de neus op de veiligheidsfeiten. Niet élk veiligheidsrisico kan worden uitgebannen. Daar waar mogelijk zullen burgers én overheid risico's moeten terugdringen. En overigens zullen veiligheidsvraagstukken voor inwoners inzichtelijk moeten zijn zoals nu in alle Friese gemeenten met de zg. veiligheidskaart is gebeurd.

- De toekomst is aan de Euro ..... de gulden is verleden tijd!
- Wij hebben een Gemeenteraad; wij kiezen straks weer een nieuwe Raad! Ik beperk mij hier tot een oproep, óók aan de jonge kiezers, op 6 maart én in mei (voor de Tweede Kamer) te gaan stemmen.


7. Slot

Wij zien, dames en heren, dat onze ervaring, het verleden, eigenlijk altijd bepalend is voor de toekomst. De wereld verandert daardoor voortdurend. Zeker met de overweldigende ervaring van 11 september.

De zekerheid van vrijheid en vrede (of was 't een ogenschijnlijke zekerheid) maakt plaats voor de voortdurende aandacht, soms strijd, voor vrijheid, respect en medemenselijkheid. Hele generaties konden opgroeien zonder vrees; opgroeien in vrijheid! Een vrijheid waarvan men zich vaak niet bewust was. Dát zal veranderen! Dat zal móeten veranderen!

Nederland en de wereld zijn na 11 september of Enschede of Volendam op zichzelf niet kwetsbaarder geworden. Wij zijn ons ervan bewúst geworden dat de wereld en Nederland kwetsbaar zijn en in zekere zin ook zullen blijven.

Meer dan tot nu toe zullen wij ons hoeder moeten tonen van een veilige, respectvolle en democratische samenleving. Juist daar waar het hart van de samenleving klopt; in onze dorpen, zullen wij dat gevoel (verder) moeten ontwikkelen. Ik ben ervan overtuigd dat alleen op het niveau van de gemeente, mensen oud en jong (qua veiligheid en sociaal) weerbaar gemaakt kunnen worden. Hier, in onze dorpen, zijn wij nog in staat om elkaar aan te spreken op elkaars gedrag en verantwoordelijkheid. Een ieder begrijpt dat criminaliteit, óók de kleine dorpse criminaliteit, en discriminatie, óók de kleine aanvankelijk als grap bedoelde discriminatie naar bv. ouderen of buitenlanders, in onze dorpen niet gewenst is!!

Zonder zedenmeester te zijn wil ik stellen dat normen en waarden in onze samenleving de komende tijd een belangrijkere rol behoren te spelen. Uhro Kekkonen zei al eens dat je veiligheid niet creëert door muren te bouwen, maar door deuren te openen. Laten wij afspreken in het nieuwe jaar de deuren te openen, elkaar te herinneren als wij dreigen in de fout te gaan. Het nalaten ervan leidt tot onverschilligheid; en dat is het begin van de weg die bij onvrede eindigt.
Zo'n afspraak zou veronderstel ik een betekenisvolle bijdrage kunnen zijn op weg naar wat meer geluk voor alle mensen in Boarnsterhim!

Ik wens u een goed en gezond jaar toe!

Ype Dijkstra Grou, 3 januari 2002

Grou, 3 januari 2002


1. Aantal inwoners in de gemeente Boarnsterhim


1 januari 2001 18.594
31 december 2001 18.759


2. In 2001 kwamen er 114 woningen gereed






3. Er werd het afgelopen jaar gronden verkocht
58.429 m² bedrijfsgrond

636 m² t.b.v. woningbouw

30.433 m² anders (groen + water)


4. Gemeentelijke heffingen

2001 2002
Onroerende-zaakbelastingen
per 2268
eigenaar 3,08 3,11
gebruiker 2,46 2,49
totaal 5,54 5,60

Afval
éénpersoon 177,88 188,55
meerpersoon 206,92 219,34

Riool
eigenaar 63,42 63,42
gebruiker 50,03 50,03
totaal 113,45 113,45

reageer via disqus

Nieuwsbank op Twitter

Gratis persberichten ontvangen?

Registreer nu

Profiteer van het gratis Nieuwsbank persberichtenfilter

advertentie